Advokaat oer ynlûken fergunning boeren: "De meast fiergeande maatregel dy't der is"

14 sep 2021 - 18:01

De maatregel om de fergunning fan boeren yn te lûken dy't ticht by in Natura2000-gebiet wenje en te folle stikstof útstjitte giet fierstente fier. Dat fynt advokaat Femke Gietema. Sy is spesjalisearre yn agrarysk rjocht. "We moatte earst sjen nei oare oplossingen."

"We moatte earst nei de oare maatregels sjen", fynt Gietema:

Lânsadvokaat Hans Besselink jout it kabinet it advys om de fergunning fan boeren by Natura2000-gebieten yn te lûken. Dat soe betsjutte dat sy fuortendaliks ophâlde moatte mei buorkjen.

It soarge foar in protte ûnrêst yn de agraryske wrâld. Fraach bliuwt wol hoe reëel oft de opsje is. "De maatregel is beneamd en leit op tafel, dus de opsje is der", seit Femke Gietema. "Mar dit sil altyd de alderlêste maatregel wêze dy't de oerheid nimme sil. Dochs is it blykber wol besprekber, sa blykt no."

Femke Gietema, advokaat agrarysk rjocht - Foto: Omrop Fryslân

Jurist Femke Gietema oer it ynlûken fan de fergunningen by boeren

It advys fan in lânsadvokaat kin swier meitelle, seit Gietema. "It ministearje freget de lânsadvokaat net foar neat om in advys te skriuwen. Mar úteinlik is it oan it ministearje sels om in ôfwaging te meitsjen. Dy moatte fansels ek sjen nei wat winske is yn de mienskip en dat is fan grut belang."

"Ik fyn dit sels de meast fiergeande maatregel dy't der is. Je moatte dan gelyk ophâlde. Dy maatregel moatte we no eins net beprate. We moatte earst nei de oare maatregels sjen dy't der binne."

In fergunning is hillich

It nijs slacht yn de agraryske wrâld yn as in bom. "Ik seach dit net oankommen, benammen omdat de agraryske sektor noch yn petear is. In fergunning heart reedlik hillich te wêzen. Allinnich op wetlike grûnen kin de fergunning ynlutsen wurde. Mar troch dit soarte aksjes krije je dêr twivels oer yn de mienskip. De oplossingen moatte by alle sektoaren socht wurde. Net allinnich by de agrariërs."

(Advertinsje)
(Advertinsje)