'Wolkom thús'-kampanje moat Friezen nei Fryslân lokje

14 sep 2021 - 16:52

Friezen om utens werom helje nei it heitelân: dat is it doel fan in nije kampanje fan de Provinsje Fryslân. Mei de namme 'Wolkom thús' moatte wurkjende Friezen dy't net yn ús provinsje wurkje waarm makke wurde foar in baan hjir yn Fryslân.

Foto: Provinsje Fryslân

Yn oparbeidzjen mei bedriuwen en gemeenten sette se alles op alles om Friezen om utens werom te krijen om hjir fakatueres te foljen.

"It is net maklik", jout deputearre Sander de Rouwe fuort ta. "Om yn in merk dêr't hast fochten wurdt om goed personiel minsken nei Fryslân te heljen." Dochs tinkt de provinsje dat it mooglik wêze moat. De ynset wurdt simpel: Miskien kinne je hjir net de heechste salarissen krije, mar it is hjir moai wenjen.

Je moatte ek betinke dat it hjir rêstiger is as dêr, de leefomjouwing is better.

Deputearre De Rouwe

Krekt ek dêr sit in gefaar. Hjir is it ek dreech om oan betelbere wenten te kommen. De Rouwe: "Dat kloppet. Mar it giet noch altyd wol makliker as yn de Rânestêd. Je moatte ek betinke dat it hjir rêstiger is as dêr, de leefomjouwing is better. It is ek wol dúdlik dat we hjir ek echt mear húzen bouwe moatte."

De kampanje moat wat opsmite, sa is de hoop fan De Rouwe. In soad bedriuwen ha fakatueres dy't se hast net ynfolje kinne. It giet dan om wurk op mbû- en hbû-nivo.

Bedriuwen ynvestearje dêr ek op. "Sjoch nei Huhtamaki yn Ljouwert. Dêr wurde no in hiel soad minsken socht. Dat giet om heechweardich wurk. Dat is der by in soad bedriuwen te finen. We moatte ek skerp ha hokker krúsjale funksjes oft we misse. Dêr kin je dan ek nei sykje."

Oerskot fan minsken dy't fuortgean

Op it stuit is der in 'vertrekoverchot' Friezen ûnder de 25 dy't fuortlûke. In part wol graach weromkomme, mar dan moat der al wurk wêze. De kampanje sil him dêr yn earste ynstânsje op rjochtsje.

Letter wurdt mear sjoen nei de rest fan it lân en Europa. It plan wurdt de kommende tiid fierder útwurke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)