Waadfûns jout subsydzje foar moetingsromte yn âld doarpskafee Blije

It Waadfûns jout in subsydzje fan 50.000 euro oan de plannen foar in moetingsromte yn it eardere doarpskafee fan Blije. De âld herberch Veldzicht yn it sintrum fan it doarp moat in hûskeamerkafee wurde.
Veldzicht yn Blije © Google Street View
It gebou stie al in skoft leech, mar it waard wol brûkt as fergaderromte troch ferienings. Der is lykwols ferlet by de Blijers om elkoar earne te treffen. Dêrom is it plan foar de hûskeamer betocht.
Yn de húskeamer kinne se ûnder oare itensiede en ite, wêrmei't iensumens tsjingien wurdt. Dêrneist kinne der ek famyljefeesten plakfine. It kafee fergruttet neffens it Waadfûns de libbenens, de sosjale kohesy en de leefberens.
De totale kosten om it âld kafee oan te passen binne goed 187.000 euro.