Provinsje stekt 10 miljoen yn nijbou swimbad Drachten

14 sep 2021 - 16:01

De gemeente Smellingerlân krijt 10 miljoen euro provinsjale subsydzje foar de nijbou fan it 50 meter swimbad De Welle yn Drachten. Mei de bydrage is de finansiering rûn en kinne de plannen ôfmakke wurde. Yn 2024 moat de nijbou klear wêze.

Foto: Hooper Architects

It nije swimbad moat de topsportlokaasje wurde foar it Noard-Nederlân. Dêroer hat de provinsje hurde ôfspraken makke mei it swimbûn en sportkoepel NOC*NSF.

Deputearre De Rouwe: "Dat is de les dy't we leard ha fan Thialf. Dêr misse je dit soarte fan ôfspraken. Wy ha sekerheid nedich en dy ha we krigen. De ôfspraken fan no jilde foar 12 jier."

'Alles staat op groen'

Yn Smellingerlân binne se wiis mei de bydrage. Wethâlder Felix van Beek: "We kunnen het zwembad nu ook echt inzetten voor talentontwikkeling. Er is een duidelijk financieel perspectief."

Wethâlder Felix van Beek

Neffens Van Beek binne der op it stuit gjin reade ljochten mear: "Nee, alles staat op groen. De eerste schetsen zijn er, de eerste planvorming is goedgekeurd. Nu kunnen we verder."

(Advertinsje)
(Advertinsje)