RIVM meldt 95 nije coronabesmettingen

14 sep 2021 - 15:35

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 95 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne 35 minder as moandei, doe waarden 130 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike alle dagen 127 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed op 131, in wike lyn op 137.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen opnaam yn it sikehûs.

Op it stuit binne der 15 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen, fan wa't 4 op de intensive care lizze.

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.041. Gemiddeld komme der de ôfrûne wike yn hiel Nederlân alle dagen 2.282 besmettingen by.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)