Gemeente Opsterlân hat dochs slutende begrutting foar 2022

De gemeente Opsterlân hat in slutende begrutting foar kommend jier. Koart foar de simmer seach it der noch nei út dat de gemeente besunigingen trochfiere moast.
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Earder gie it kolleezje fan boargemaster en wethâlders noch út fan tekoarten op jeugdsoarch en WMO. Troch nije ôfspraken tusken it Ryk en de gemeenten oer finansiering fan de jeugdsoarch is de begrutting dochs slutend.
"We waren ons al aan het voorbereiden op ingrijpende bezuinigingsmaatregelen, maar die zijn voorlopig gelukkig niet nodig", seit wethâlder Rob Jonkman. Op de lange termyn binne der lykwols noch wol soargen oer de finansiering fan de sosjale taken.
De begrutting fan 2022 moat noch wol fêststeld wurde yn de riedsgearkomste fan 8 novimber.