Sportstad-direkteur oer konflikt mei sc Hearrenfean: "Wy hawwe inoar nedich"

14 sep 2021 - 13:17

sc Hearrenfean en ferhierder Sportstad dogge gjin meidielings oer hoefolle oft de fuotbalklup oan efterstallige hier werombetelje moat. Beide partijen hawwe wetter by de wyn dien, seit Sportstad-direkteur Rinse Bleeker.

Links it Abe Lenstrastadion, rjochts Sportstad Heerenveen - Foto: ANP

"Wy moatte mei inoar fierder en wy wolle ek mei inoar fierder. Wy hawwe in kontrakt oant 2032 wêryn't sc Hearrenfean de brûker is fan it stadion, dus wy kinne net sûnder mekoar. Der is ús alles oan gelegen de rigen te sluten", seit Bleeker.

Leech stadion

sc Hearrenfean en Sportstad wienen it net iens oer de hier foar it Abe Lenstra Stadion. De fuotbalklup makket elts jier 2,4 miljoen euro oer oan Sportstad, eksklusyf ûnderhâldskosten.

Omdat sc Hearrenfean fanwege corona yn in leech stadion fuotbalje moast, waard de ôfspraak makke om fan septimber 2020 oant en mei juny 2021 minder hier te beteljen. Yn totaal giet it om in bedrach fan 1 miljoen euro. Beide partijen kamen oerien dat it gie om útstel fan betelling, mar Hearrenfean woe dat bedrach hielendal net mear werom betelje.

sc Hearrenfean wie fan miening dat sy rjocht hawwe op in 'corona-koarting', wy tochten dêr oars oer.

Sportstad-direkteur Rinse Bleeker

"Hearrenfean wie fan miening dat sy rjocht hawwe op in "corona-koarting". Wy tochten dêr oars oer, mar wy binne der dochs útkaam. Somtiden steane je even tsjinoer inoar, omdat je opkomme foar je eigen belangen. Mar úteinlik is der ek in mienskiplik belang en dat hawwe wy no de foarkar jûn", seit Bleeker.

Koarting

Oer hoefolle koarting sc Hearrenfean krigen hat, wolle beide partijen gjin útspraken dwaan. "Dat hâlde wy foar ússels. Je wolle beiden net tefolle ynleverje, mar it resultaat is dat wy beiden tefreden binne en dêr giet it om", seit Bleeker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)