Wetterskip oer gaswinning Ternaard: "Vergunning zal verleend worden"

14 sep 2021 - 12:53

Dykgraaf Luzette Kroon ferwachtet dat de fergunning foar de gaswinning ôfjûn wurde sil as de mynbouwet sa bliuwt. Blok soe net oars beslute kinne, om't de fergunning op alle punten oan dy wet foldocht.

Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Minister Stef Blok wie moandei yn Ternaard om te praten oer de plannen om op 'e nij gas te winnen ûnder it Waad. Ut dat petear die bliken dat de minister fêst sit oan de wet en net oars kin as de fergunning ôfjaan. De wet dêr't it om giet is de saneamde mynbouwet.

Negative advizen gjin effekt

By it Wetterskip sjogge se it probleem fan dizze wet ek, fertelt dykgraaf Luzette Kroon. "Zoals de mijnbouwwet nu functioneert, is het zo dat alle negatieve adviezen die wij indienen altijd weer terzijde kunnen worden geschoven, op het moment dat de schade gecompenseerd kan worden."

Kroon tinkt dat in fergunning dêrom wierskynlik net wegere wurde kin: "We kunnen hoog of laag springen, maar de vergunning zal op basis van de huidige mijnbouwwet verleend worden."

Wet oanpasse

It Wetterskip hat de hoop dat der noch ris nei de wet sjoen wurdt. As de wet net oanpast wurdt, kin der neat tsjin de fergunning dien wurde. "De minister heeft die ruimte niet. Dan is de vraag, als we dat concluderen, waarom wordt die wet dan niet door de Kamerleden geagendeerd?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)