73-jierrige Dútser by Skiermûntseach net troch misdriuw om it libben kaam

De man wêrfan't moandeitemiddei op de noardside fan Skiermûntseach it stoflik omskot fûn waard, is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat hat de plysje tiisdei bekend makke.
It strân fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Resjerzje, forinsyske opspoaring en in GGD-dokter ha moandei op it fynplak ûndersyk dien.
It lichem fan de 73-jierrige man fan Dútslân is oerdroegen oan de famylje, sa meldt de plysje.