VC Trynwâlden komt nei trije jier werom nei sneonsfuotbal

Trije jier nei't VC Trynwâlden besleat om yn te setten op prestaasjefuotbal op sneins, wol de klup no oerstappe nei it sneonsfuotbal. De wiziging komt op oantrúnjen fan in nij haadbestjoer.
Fuotballers fan VC Trynwâlden op in training © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De leden ha it lêste wurd. Dy meie op 29 septimber prate oer it foarstel fan it bestjoer. Se ha in brief krigen mei útlis fan it bestjoer.
Klups dy't foar 1 oktober oan de KNVB trochjouwe dat se oerstappe wolle, meie op itselde nivo aktyf bliuwe. Earder wie it sa dat it earste alvetal fan in klup yn in legere divyzje ynstreame moast nei in oerstap.

Fúzjeklup nei de sneins

Doe't sneonsklup Trynwâldster Boys en sneinsklup VV Trynwâlden yn 2009 fusearren, keas de fúzjeklup mei de namme VC Trynwâlden derfoar om prestaasjefuotbal op beide wykeindagen troch te setten.
Trije jier lyn hold de klup op mei prestaasjefuotbal op de sneons. Ta dat beslút kaam de klup op in algemiene ledegearkomste, mar it gong tsjin it advys fan in ûnôfhinklike kommisje yn. Op de gearkomste stimden 92 minsken mei it bestjoer mei: sy keazen foar de snein. 80 leden wiene it dêr net mei iens.
De klup moast doe ien fan beide dagen kieze, omdat it net langer út koe om foar de sneon- én sneinsploech in trainer te beteljen. It ledetal rûn ek werom.

Hieltyd faker nei de sneons

It beslút om doe foar it sneinsfuotbal te kiezen, gong tsjin in trend yn. In soad klups stappe de lêste jierren oer fan it sneins- nei it sneonsfuotbal. Ferline wike die GAVC út Grou dat noch.