Museumfederatie Fryslân ropt regear ek op om needstipe troch te setten

14 sep 2021 - 08:15

Museumfederatie Fryslân ropt lykas de lanlike organisaasjes yn de museumwrâld op om de needstipe te ferlingjen. "Blijf de noodsteun handhaven", seit direkteur Mirjam Pragt. "Men is nog lang niet uit de rode cijfers."

Museum Martena yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De Nederlandse Museumvereniging die snein in driuwende oprop op it regear: set de needstipe foar de musea yn Nederlân troch. It demisjonêre kabinet is fan doel om ynkoarten mei it helppakket op te hâlden. Mar neffens de lanlike museumorganisaasje hawwe musea noch flink te lijen fan de coronakrisis.

Yn 2020 de grutste klappen

De lanlike feriening kaam mei alarmearjende sifers: it oantal museumbesiten is yn 2020 mei sa'n 60 persint weromrûn, de eigen ynkomsten giene sawat troch de helte, it tal nije tentoanstellingen is mei sa'n 29 persint weromrûn en it personielsbestân naam mei sa'n 16 persint ôf.

Neffens direkteur Pragt hawwe de grutste klappen yn Fryslân ferline jier west. Ek yn ús provinsje waarden tentoanstellingen útsteld en waarden kontrakten en oerienkomsten mei meiwurkers en zzp'ers opsein. Ek hawwe musea frijwilligers ferlern dy't fanwegen de coronasituaasje thús bleaune.

Iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Dochs is it lanlike ferhaal net ien op ien oer de Fryske situaasje te lizzen. De situaasje fan it Rijksmuseum kinne je dreech ferlykje mei in lyts museum as 't Kiekhuus yn Wolvegea, bygelyks. "En in de grote steden moeten ze het vooral hebben van de buitenlandse toeristen", leit Pragt út.

Museumfederatie Fryslân sjocht ek dat de finansjele situaasjes fan musea útinoar rinne kinne. Foar guon is de situaasje noch nuodlik. "Soms is huur bijvoorbeeld wel uitgesteld, maar dat betekent niet per definitie afstel."

Goede simmer draaid

Mei de lockdowns hawwe de musea yn 2020 folle minder iepen west, befêstiget Pragt. Mar dit jier hiene de musea yn de simmer in soad oanrin. "Veel Nederlanders gingen op vakantie in eigen land en zij wisten de musea ook zeker te vinden", jout Pragt oan.

"Het is heel druk geweest deze zomer", seit Pragt. "Maar dat is niet voldoende op de begroting sluitend te krijgen. In de coronatijd gingen de kosten door en werden de inkomsten minder, dan teer je in op de reserves. We hebben helemaal geen spek meer op de botten."

Fearkrêft

Direkteur Pragt sjocht net allinne de negative aspekten. "De storm die corona veroorzaakte leverde ook veel vindingrijkheid op, bijvoorbeeld in het toepassen van digitale middelen om publiek te binden. Zoiets laat zien dat er in Fryslân ook veel veerkracht is."

Direkteur Mirjam Pragt fan de Museumfederatie Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)