Rjochterlik advys wichtige stap yn kearen fleanfjild by Portugeesk skriezegebiet

Troch in wichtich rjochterlik advys is de kâns lytser wurden dat der in fleanfjild by Lissabon yn Portugal komt. It kearen fan dat fleanfjild is neffens fûgelbeskermers fan libbensbelang foar ús nasjonale en provinsjale fûgel: de skries.
Skriezen yn Portugal © Verónica Mendéz
Al hast twa jier sit de fûgelbeskerming yn noed oer in fleanfjild dat it Portugeeske regear by Lissabon oanlizze wol. Dat fleanfjild kin de skriezepopulaasje slim bedriigje, sa ferwachtsje tal fan natuerorganisaasjes. De Portugeeske fûgelwacht en de miljeu-ynstelling ClientEarth hawwe in rjochtsaak opset om de bou fan it fleanfjild te kearen.
It gebiet yn de mûning fan de Taag is tige wichtich foar de skriezepopulaasje. As dy fûgels út Afrika wei komme, is it ien fan de plakken dêr't sy útrêste en opfetsje kinne om de reis nei Fryslân te meitsjen. Fan fleantugen by it gebiet soene de fûgels skrikke kinne en enerzjy ferlieze kinne. Uteinlik kin de fersteuring der ek foar soargje dat der hjir minder aaien lein wurde en oerbliuwe. Dêrom kearde ek provinsje Fryslân him tsjin de oanlis.

"Zwaarwegend advies"

Sûnt moandei leit der in wichtich rjochterlik advys fan de Portugeeske Public Prosecutor, sa hat ClientEarth bekend makke. Dat amt is ferlykber mei dat fan in advokaat-generaal fan de Hege Ried. It giet om in 'zwaarwegend advies' oan de rjochtbank.
Dat hâldt wol yn dat it net binend is. Dochs is Vogelbescherming Nederland optein mei it advys. Neffens Kees de Pater komt it advys net fan samar in persoan. Hy neamt it 'juridisch van behoorlijke importantie.' De Pater tinkt dat it de kâns flink grutter makket dat de fûgelbeskerming gelyk krijt. "Dat stemt ons optimistisch", seit De Pater.

Flinke flater

Wichtich is ek dat de Public Prosecutor konkludearre hat dat it ûndersyk fan de oerheid ûnder de maat is. Dêrmei is de kâns op in fergunning folle lytser.
"In feite slaat de overheid een beetje een flater als dit overgenomen wordt, want ze hebben ook nog enigszins zitten knoeien. Oorspronkelijk was er een advies van het ministerie van natuur dat aangaf dat het hele kwalijke gevolgen had. Dat rapport is een beetje onder de tafel gemoffeld en vervolgens is er een advies gekomen dat het wel zou kunnen", seit De Pater.
Vogelbescherming Nederland hat him al frij rap oansletten by de Portugeeske kollega's. Yn febrewaris ferline jier is der in petysje opset, dêr't sa'n 40.000 hantekeningen mei ophelle waarden.
Kees de Pater fan Vogelbescherming Nederland oer it advys