Machteleazens oerhearsket yn Ternaard nei besite Stef Blok

14 sep 2021 - 06:46

It gemeentebestjoer fan Noardeast-Fryslân is teloarsteld yn de besite fan demisjonêr minister Stef Blok oan Ternaard. "Het gesprek gaf geen enkele opening", seit wethâlder Esther Hanemaaijer.

Stef Blok yn Ternaard - Foto: ANP

Fansels, it is moai dat Blok de tiid naam hat om nei Ternaard te kommen, mar it doarp sjit der net in soad mei op, fynt Hanemaaijer. Blok hie in ûntnochterjend boadskip: de gaswinning yn de Waadsee giet yn prinsipe troch.

"De minister heeft uitgelegd dat hij aan wetgeving vastzit en dat hij niet anders kan dan de vergunning verlenen."

Je hoopt elke keer dat het doordringt. Dat is in dit gesprek niet het geval geweest.

Wethâlder Esther Hanemaaijer fan Noardeast-Fryslân

Se fielde har machteleas yn har petear mei Blok. "We hebben verwoord wat we elke keer al doen, dat we tegen de gaswinning zijn. Keer op keer, zeker. Je hoopt elke keer dat het doordringt. Dat is in dit gesprek niet het geval geweest."

Wethâlder Esther Hanemaaijer hat har hoop fêstige op de Twadde Keamer:

It doarpsbelang fan Ternaard is ek net folle wizer wurden. "Hy hat it wol oanheard, it wie in keurich petear, dêr net fan", seit foarsitter Geertje Schoorstra fan doarpsbelang. "De minister is earlik yn wat er kin, mar wy fiele ús sa machteleas."

Gjin paad werom

Blok fertelde dat er de fergunning oan de NAM om gas te winnen net tsjinhâlde kin. As der gjin dúdlike gefaren binne foar de natuer, hat er gjin jildige arguminten om dy fergunning net te ferlienen.

"Hy is bûn oan de wet, dy moat er útfiere. Eins is der wat dat oanbelanget gjin paad werom."

Ternaard moat no sels yn de gaten hâlde oft der gjin skea komt:

Wethâlder Hanemaaijer hopet no dat de Twadde Keamer yn aksje komt. Dy bepraat de gaswinplannen woansdei. "Wij vinden dat de effecten op de lange termijn niet genoeg in beeld zijn, wat het doet met de Waddenzee."

Lobbye, lobbye, lobbye

Hanemaaijer fynt dat it beslút dêrom earst útsteld wurde moat. "Wacht op het onderzoek. Dat moet echt inzichtelijk maken wat de effecten zijn van alle activiteiten die plaatsvinden in het waddengebied op lange termijn. Als je dat weet, kun je een juiste afweging maken."

De kommende dagen sil de lokale polityk de Keamerleden foar de safolste kear benaderje mei it fersyk om it proses stil te lizzen. "We zijn hier bijna dag en nacht mee bezig, dat hebben we er graag voor over. Onze oproep aan de Tweede Kamer is: dien een motie in, zet dit proces on hold en wacht totdat je de langetermijneffecten in beeld hebt."

Stef Blok sit net yn oer ûnferwachte byeffekten. En as dy der dochs binne, dan wurdt de winning stillein. "We houden de hand aan de kraan. Dat geeft mij de geruststelling dat we verantwoord met de Waddenzee omgaan."

Ternaard moat it oplosse

De kontrôle dêrfan leit aanst by Ternaard sels, by de nije stichting Waakhûn. "It is oan ús as bewenners, bedriuwen en miljeufederaasjes om kontinu mei alle sifers mei te lêzen", seit Schoorstra. "Dat is in hiele opjefte. It fielt net earlik. Wy moatte it no oplosse, dêr komt it op del."

"De minsken hjir ha al sa'n soad tiid en ynset levere. Dat hâldt net op."

Ald-wethâlder Albert van der Ploeg leaut net mear yn in wûnder:

Ald-wethâlder Albert van der Ploeg wurdt foarsitter fan dy stichting Waakhûn. En ek al rint de proseduere foar de fergunning formeel noch, hy leaut net mear yn in wûnder. "Ik tink dat it wol trochgiet. We ha noch in hiel soad gas nedich. Hellest it no ûnder it wrâlderfgoed Waadsee wei. Kin dat wol?"

Dat it neffens Blok en eksperts kin, seit Van der Ploeg net sa'n soad. "Yn Grinslân ha se wol leard dat eksperts it ek net altyd witte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)