Justysje easket wurkstraf tsjin Easterwâldster dy't 80 minsken oplichte

Tsjin in man út Easterwâlde is in wurkstraf fan 220 oeren easke, omdat er mei in neef fan him op syn minst tachtich minsken oplichte hat op Marktplaats.
© ANP
Tsjin de neef is 100 oeren wurkstraf easke. De 29-jierrige man út Easterwâlde en syn neef fan 32 jier út Hoogeveen ha mei de oplichting tsientûzenen euro's fertsjinne.
De fertochten brûkten by har oplichterij neffens justysje de bankpassen fan minsken dy't yn in soarchynstelling wennen. De twa koenen jierren har gong gean foardat justysje de saak foar de rjochter bringe koe.

Bot ferâldere

De offisier fan justysje hie it leafst in selstraf fan op syn minst twa jier easke, mar hat dat net dien omdat de saak bot ferâldere is. Der moatte noch mear fertochten foar komme.
De rjochtbank docht ein oktober útspraak.