Man slim ferwûne nei fal mei crossmotor yn Grou

13 sep 2021 - 20:48

In bestjoerder fan in crossmotor is yn Grou swier ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. It giet om in 48-jierrige man fan Ljouwert.

Plysjes yn Grou by de crossmotor - Foto: CAMJO media

It ûngelok barde moandeitejûn oan de Dobbe yn Grou. Hoe't it gebeure koe, is noch net bekend. Dêr docht in forinsysk opspoaringsteam noch ûndersyk nei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)