Stoflik omskot 73-jierrige Dútser fûn by Skiermûntseach

13 sep 2021 - 20:05

Op de noardside fan Skiermûntseach is it stoflik omskot fan in man fûn troch surfers. It giet om in 73-jierrige man fan Dútslân, sa hat bliken dien.

It strân fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De resjerzje, forinsyske opspoaring en in GGD-dokter binne op it plak kaam foar ûndersyk.

It stoflik omskot waard moandeitemiddei om 16.45 oere hinne fûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)