Stef Blok bliuwt by stânpunt: gaswinning yn de Waadsee kin

13 sep 2021 - 20:51

Demisjonêr minister Stef Blok hat by syn besite oan Ternaard gjin goed nijs brocht oan de tsjinstanners fan gaswinning yn de Waadsee. As yn de noch rinnende proseduere neat mear nei foaren komt om de fergunning oan de NAM te wegerjen, giet it boarjen troch.

Stef Blok hie gjin hoopfolle boadskip foar de tsjinstanners fan gaswinning:

De Waadsee is ek Stef Blok leaf, sei de bewâldsman by syn bliksembesite oan Ternaard moandei. "Zo lief dat we heel zorgvuldig toetsen of er bij gaswinning geen schade ontstaat aan de Waddenzee."

En dy ûndersiken litte mar ien ding sjen, seit Blok: "Dat er geen gevaren zijn. En dat betekent dat ik geen mogelijkheid heb om de vergunning te weigeren."

As de fergunning oan de NAM jûn wurdt - wêr't it no dus op liket - begjint de NAM yn 2023 mei boarjen yn de Waadsee.

Blok waard yn Ternaard opwachte troch in pear demonstranten:

By syn besite oan Ternaard hearde Blok ek de soargen fan minsken út de omjouwing. "Daarom vind ik het van groot belang om aan de mensen uit te leggen wat er mogelijk is." Mar dat is dus net in soad.

We houden de hand aan de kraan. Dat geeft mij de geruststelling dat we verantwoord met de Waddenzee omgaan.

Stef Blok

Mochten der by de gaswinning dochs ûnferwachte byeffekten optrede, dan wurdt de winning stillein. "We houden de hand aan de kraan. Dat geeft mij de geruststelling dat we verantwoord met de Waddenzee omgaan."

Gjin fertrouwen yn 'hân oan de kraan'-prinsipe

Tsjinstanners leauwe net yn it 'hân oan de kraan'-prinsipe. "Als je bodemdaling constateert, ben je in feite al te laat", sei SP-Steatelid Hanneke de Goede earder. "Dan is de bodem al te veel gedaald."

En ek Geertje Schoorstra fan Doarpsbelang Ternaard hat der gjin fertrouwen yn: "It klinkt hiel aardich en netsjes, mar sa as wy it sjogge, is it noch hieltyd in ûnwis prinsipe. As je de hân oan de kraan ha, kinne je him tichtdraaie as de amer hast folrint of as er al oerrûn is. Beide kearen ha je in wankel lykwicht."

Neffens Schoorstra docht dat ek wol bliken út in advys fan it Staatstoezicht op de Mijnen. Dêryn stiet dat it 'hân oan de kraan'-prinsipe allinnich kin as der foldien wurdt oan bepaalde betingsten. "En net al dy betingsten binne oernaam yn de ûntwerpfergunning."

Yn de Twadde Keamer

Woansdei praat de Twadde Keamer oer ûnder oare gas- en sâltwinning ûnder it Waad. Dan wurdt ek it 'hân oan de kraan'-prinsipe evaluearre.

In mearderheid fan de Twadde Keamer woe yn maart dat der gjin gas wûn wurdt salang't der noch gjin resultaten bekend wiene fan ûndersyk nei de gefolgen fan de mynbou, it 'hân oan de kraan'-prinsipe, boaiemdelgong en seespegelstiging.

(Advertinsje)
(Advertinsje)