Rydskoallehâlder: 'Opfriskursus motorriders net de bêste oplossing'

13 sep 2021 - 18:52

De measte iensidige ûngelokken mei motoaren ha neat te krijen mei it ynsicht fan de bestjoerders. Dat tinkt rydskoallehâlder Johann de Haan fan rydskoalle Alert yn Drachten.

Foto: Shutterstock.com (Dafinchi)

De Haan seit dat nei oanlieding fan de oprop fan plysjeman Niels Hoogma om motorriders om de safolle jier in opfriskursus te jaan.

Hoogma die ôfrûne wykein in emosjonele oprop op sosjale media nei in deadlik ûngelok mei in motorrider by Skarsterbrêge. Dêrby kaam in 25-jierrige man út Seelân om it libben.

Ynstelling

De oarsaak fan it ûngelok by Skarsterbrêge is noch ûnbekend. De Haan wol dan ek net op dat spesifike gefal yngean. "Maar in het algemeen zijn de meeste motorrijders die betrokken zijn bij een eenzijdig ongeval dat door hun eigen oorzaak", seit de rydskoallehâlder.

Neffens De Haan giet it dêrby dan benammen om de ynstelling fan de motorrider en net sasear om it ynsicht. "Het beste is dat de rijscholen het aanpakken. Alle rijschoolhouders die weten, want het zijn vakmensen, deze jongen wordt later een gek op de weg. Die moet je tegenhouden, die moet je gewoon weigeren."

In opfriskursus is neffens de rydskoallehâlder dan ek net de bêste oplossing. "Dan leert hij misschien weer een paar dingen die hij vergeten was. Maar het ongevalcijfer breng je er niet mee naar beneden. Dat moet je in de kern aanpakken. Bij de rijopleiding meteen zeggen: deze jongen is er niet geschikt voor. Die mag geen rijbewijs halen."

Wegere

De Haan hat no 36 jier in rydskoalle en hat ien kear in persoan wegere. "Het is bekend dat diegene bij een andere rijschool wel haar rijbewijs heeft gehaald en ze heeft zich na een week doodgereden. Dat is verschrikkelijk. Terwijl ik van tevoren wist dat ze geen rijbewijs moest halen."

"Dus als we met z'n allen als rijinstructeurs strak afspreken, dat we alleen normale mensen op de motoren hebben, dan wordt het al een stuk beter", seit er. Mar De Haan wol noch wol ûnderstreekje dat in ûngelok úteinlik elkenien oerkomme kin.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw prate mei rydskoallehâlder Johann de Haan

(Advertinsje)
(Advertinsje)