Unrêst yn de hoareka troch ynfiering coronapas: "Een nieuwe drempel"

De geroften wienen der al langer, mar it liket der no dochs echt fan te kommen: de coronapas, dy't minsken brûke moatte as se nei in restaurant wolle. Tiisdei makket it demisjonêre kabinet dat nei alle gedachten bekend.
Personiel krijt it ek drokker mei de nije regel:
"Ja, nu mag iedereen gewoon nog bestellen hoor", seit Peter Goedhart fan restaurant De Bommel yn Snits wylst er drok dwaande is mei de menukaarten foar de lunch.
Syn opmerking is in knypeach nei de nije regels. Hy is it der folslein net mei iens. "Je bent als horeca gastvrij, dat is het grootste goed van je vak. Straks moeten we mensen buitensluiten, dat willen we dus niet."
Peter Goedhart fan de Bommel yn Snits © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Boppedat krijt it personiel it drokker, seit Goedhart: "Je krijgt er weer een taak bij. Het is voor ondernemers moeilijk om iemand in te roosteren die alleen maar de coronacheck doet. Er is al een groot personeelstekort."
Zonder rijbewijs mag je ook niet in een auto stappen.
Joris Hagting fan restaurant Aan de Gracht
Efkes fierderop yn de stêd wurdt it restaurant Aan de Gracht ek klearmakke foar in nije dei. Eigener Joris Hagting set de stuollen by de tafels. Hy hat dûbele gefoelens by de regels.
"Aan de ene kant is het wéér de zoveelste verplichting. Daar zijn we klaar mee", seit Hagting. "Maar aan de andere kant wil je ook veiligheid bieden voor je gasten en medewerkers. Het is ook zo dat je zonder rijbewijs niet in een auto mag stappen. Dus dan moet dit ook lukken toch?"
© ANP Foto
Koninklijke Horeca Fryslân is net bliid mei de nije regels, seit foarsitter Melle Bakker. Hy fernimt dat de ûnrêst tanimt by de restauranteigeners. "De finansjele stipe hâldt nei 1 oktober op, mar der bliuwe regels. Sa kinne je net je folsleine omset draaie. It kabinet ferpakt it moai troch te sizzen dat der mear minsken binnen meie, mar dat liket my net sa."

Net mear spontaan

Bakker tinkt dat minsken minder fluch komme as sy in bewiis sjen litte moatte. "It spontane is derôf. Njonken dat moatte in protte ûndernimmers de skulden aanst werombetelje. Dan kinne je elke buffer wol brûke. Wy fine dat de hoareka te hurd oanpakt wurdt. Fersoepelje ek yn ús sektor. Net mear nije regels derby."
Melle Bakker fan de Koninklijke Horeca Fryslân oer de regels