Cambuur-reserves winne mei grutte sifers fan reserves Hearrenfean

13 sep 2021 - 17:23

De reserves fan SC Cambuur ha moandeitemiddei in besletten oefenduel wûn fan de reserves fan sc Hearrenfean. Op Sportpark Skoatterwâld waard it 0-4 foar de Ljouwerters.

Filip Krastev makke syn earste offisjeuze doelpunt foar Cambuur - Foto: Orange Pictures

By beide teams kamen de spilers yn aksje dy't yn it ôfrûne wykein gjin of net in soad spyltiid krigen. By Hearrenfean krige de transferfrije oanwinst Nick Bakker minuten en by Cambuur diene ûnder mear de nijelingen Maxim Gullit en Filip Krastev mei.

Krastev makke direkt syn earste offisjeuze doelpunt foar Cambuur. De oare doelpunten kamen fan Sam Hendriks, Nick Doodeman en Mitchel Paulissen.

Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Akujobi, Van Ottele, Bakker, Nunumete; Hajal, Ras, Shopov; Van der Heide, Van Anholt en Stevanovic.

Opstelling SC Cambuur: Bos; Abbink (60' Veldman), Van der Meer, Gullit, Sambissa; Staal (60' Van Mameren), Krastev, Paulissen; Doodeman, Hendriks en Kiss (84' Nsingi).

Bylden fan de goals:

(Advertinsje)
(Advertinsje)