Cambuur-keeperstrainer Etienne Stomp set punt efter avontoer mei Curaçao

13 sep 2021 - 20:49

As keeperstrainer fan Curaçao reizget Etienne Stomp de hiele wrâld oer, mar no set er in punt efter syn ynternasjonale karriêre. Dat makke er moandei bekend yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

Beharkje de SportCast hjir:

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

De fuotballers fan Curaçao hienen de ambysje om har foar it earst yn de histoarje te kwalifisearjen foar it WK. Under lieding fan bûnscoach Guus Hiddink en letter mei Patrick Kluivert as ynterim-bûnscoach wie Katar 2022 it grutte doel, mar dy missy is krekt net slagge.

Etienne Stomp hat it folsleine aventoer fan tichtby meimakke en hat no besletten om op te hâlden. Dat hat neat te krijen mei de sportive teloarstelling, mar mear mei de sûnens fan syn soan fan fjouwer jier.

Het is voorgekomen dat mijn zoontje in het ziekenhuis lag en ik aan de andere kant van de wereld zat.

Etienne Stomp oer wêrom't er ophâldt by it nasjonale alvetal fan Curaçao

"Dat heeft te maken met de intensieve zorg voor mijn zoontje. Hij heeft een broze gezondheid en is al een paar keer in het ziekenhuis beland. Het is voorgekomen dat hij in het ziekenhuis lag na een epileptische aanval en ik aan de andere kant van de wereld zat."

Etienne Stomp kin him no konsintrearje op syn hjoeddeistige wurk. Sa traint er de jeugd fan Cambuur.

Stevens betrouber, Mulder wikselfallich

Hy hâldt de prestaasjes fan de beide doelmannen fan de Fryske betellefuotbalklups ek goed yn 'e gaten. "Ik vind Sonny Stevens een betrouwbare keeper die rust uitstraalt. Erwin Mulder is wat wisselvallig, ik vind dat hij een beetje over zijn top heen is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)