Hieldtyd mear oerlêst fan buksbeamkemot: "Je kinne better oare soarten plantsje"

Oeral yn Fryslân wurde buksbeamkes oanfretten troch de rûpen fan de buksbeamkemot. De plant heart ek hielendal net thús yn Fryslân, sizze saakkundigen.
Buksmotrûpen frette hagen keal yn Fryslân
It buksbeamke komt yn Europa hieltyd noardliker foar en ek de oerlêst fan de buksbeamkemot nimt de lêste jierren ta. Dêrtroch ûntstie oeral yn koarte tiid itselde byld: fergiele haachjes sûnder blêd, of keale stikken yn de tún dêr't de hage al fuorthelle is. Want it buksbeamke derút grave is it iennichste wat wurket as jo net mei gif oan de slach wolle.
"Jo kinne it buksbeamke mar better 'vaarwel' sizze", seit nachtflinter-ekspert Gerrit Tuinstra fan De Vlinderstichting. "Der binne wol bestridingsmiddels, mar dat is net goed foar oare ynsekten. It buksbeamke heart hjir net thús as plant. Jo kinne better oare soarten plantsje."
Yn in wike tiid - en somtiden sels yn ien nacht - frette rûpen de buksbeamkes keal. Dêr kamen de bewenners fan de Weind yn Balk ek efter. "It is gewoan in tryste boel", seit Sipke Miedema. Hy hat alle bukshagen derút helle en nei it stoart brocht. "Dêr wie it drok mei al dy karren. It wie fan: lang leve dit buksbeamke!"
De oerlêst fan de rûpen fan de buksbeamkemot kaam foar it earst foar yn Nederlân yn 2007. Yn Fryslân begûn de oerlêst sa'n fiif jier lyn. Yn maaie binne de bistjes aktyf en om dizze tiid hinne binne der in hiel soad flinters. Dêrtroch nimt ek de oerlêst ta.
De buksbeamkemot slacht ta yn Balk