sc Hearrenfean en Sportstad losse hierskeel oer coronaseizoen op

13 sep 2021 - 16:53

Sportklup Hearrenfean en Sportstad Hearrenfean ha in oplossing fûn foar har skeel oer de ferhier fan it Abe Lenstrastadion.

Links it Abe Lenstrastadion, rjochts Sportstad Heerenveen - Foto: ANP

De klup en Sportstad hiene ôfpraat dat Hearrenfean it ôfrûne seizoen, yn de perioade fan septimber 2020 oant en mei juny 2021, minder hier betelje mocht, omdat der hast gjin publyk wie en dus ek gjin ynkomsten.

sc Hearrenfean seit dat de fuotbalklup moandei mei Sportstad ôfpraat hat hoe't de twa partijen dat oplosse sille, se mar melde net op watfoar manier dat gebeurt.

Fierder prate oer legere hierpriis

De twa partijen ha it ek oer de takomst hân. De fuotbalferiening wol graach struktureel minder hier betelje. Direkteur Roozemond sei earder dat sc Hearrenfean 2,4 miljoen euro oan hier betellet. Mei enerzjykosten en ûnderhâld is it sels 3,5 miljoen. Roozemond fynt dat der oardel miljoen ôf kin.

As ferhierder wol Sportstad Hearrenfean der wol wis fan wêze dat der genôch jild binnen komt om de eigen aktiviteiten troch te setten. Dêr prate beide partijen fierder oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)