Kimswerter feroardiele foar útnaaien by jûnsklokkontrôle
In 46-jierrige automobilist út Kimswert, dy't yn de perioade fan de jûnsklok trochriden wie by in plysjekontrôle, krijt fan de plysjerjochter in rydûntsizzing.
De man wie yn jannewaris by Harns op de dyk doe't dat ferbean wie fanwegen de jûnsklok. Nei't de Kimswerter trochriden wie by in plysjekontrôle waard de fertochte troch twa plysjeweinen efterfolge. Hy botste op ien fan de plysjeweinen en rekke dêrnei yn de sleat.
De fertochte seit dat de plysje 'als bezetenen' efter him oan siet, wêrtroch't hy yn panyk rekke. Doe't hy út de auto stapte waard de man 'peppere' en soe hy mei in tas wyld om him hinne slein ha.
De rjochter spruts de man frij fan it oanriden fan de plysje-auto en it fernielen dêrfan. Hy krijt wol in rydûntsizzing fan trije moannen fanwegen gefaarlik rydgedrach. Salang hat de man syn rydbewiis ek al kwyt west.