Friezinne Kerstin Casparij debutearret yn seleksje Oranjefroulju

13 sep 2021 - 13:50

Der komt mooglik wer in Fryske fuotbalynternasjonal by. Kerstin Casparij is troch bûnscoach Mark Parsons by de seleksje helle foar twa WK-kwalifikaasjewedstriden.

Kerstin Casparij yn aksje by har klup FC Twente - Foto: Orange Pictures

Casparij komt fan It Hearrenfean en spile ek jierren foar de froulju fan de pleatslike SC. Ferline jier makke se de oerstap nei FC Twente, wêrmei't se yn har earste seizoen fuortendaliks kampioen waard.

Mei de oprop foar it Nederlânsk alvetal komt der in nij haadstik yn har fuotbalkarriêre. Casparij mei har foar it earst melde by de Oranje Liuwinnen. It komt troch in blessuere by Renate Jansen, dy't dêrtroch ôfsein hat.

Keepster Hearrenfean oproppen

Dêrnjonken sit der ek in fuotbalster fan de froulju fan SC Hearrenfean foar it earst by de seleksje. It giet om keeper Claire Dinkla, dy't de blessearre Ajax-keeper Lize Kop ferfangt. Dinkla spilet sûnt dizze simmer by Hearrenfean. Dêrfoar kaam se út foar Ajax.

Claire Dinkla yn har earste wedstriid foar SC Hearrenfean - Foto: Orange Pictures

Friezinnen Sherida Spitse en Sisca Folkertsma sitte ek by de seleksje fan de Nederlânske fuotbalfroulju. Freed is yn Grins in WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Tsjechië. De tiisdei dêrnei spilet Oranje yn en tsjin Yslân. It wrâldkampioenskip sels is yn 2023 yn Australië en Nij-Seelân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)