Arjan Ellens pakt nasjonale titel op NK BMX Freestyle yn Rotterdam

Arjan Ellens út Twizelerheide is snein Nederlânsk kampioen wurden op it NK BMX Freestyle yn Rotterdam. Ellens wie yn it foar al de grutste kânshawwer. Ferline jier waard er twadde en yn 2019 pakte er it tredde plak op it NK.
"Der sit wol druk op, want elk ferwachtet fan my dat ik winne sil", sei Ellens snein noch. Dy druk koe er dus goed oan, want it slagge him úteinlik de nasjonale titel te pakken.
By Freestyle BMX dochst akrobatyske trúkjes mei de fyts. Ellens hat himsels yn it geheim allegear nije trúkjes oanleard en sa wist er de sjuery en de konkurrinsje te ferrassen.
In Freestyle BMX'er op de Olympyske Spelen yn Tokio © ANP
Ellens syn doel is om yn 2024 oan de Olympyske Spelen fan Parys mei te dwaan. BMX Freestyle is sûnt ferline jier in olympyske sport. Takom jier sit syn planning al fol mei shows en wedstriden yn it bûtenlân.