Hurddrave troch De Harmonie en Blokhúspoarte: "Hier was ik nog nooit geweest!"

12 sep 2021 - 20:08

Hast tûzen minsken draafden snein troch Ljouwert, foar de tredde edysje fan de Urban Trail. Dielnimmers koene kieze út in rûte fan 5 of 10 kilometer, en se draafden ûnderweis dwers troch in oantal markante gebouwen.

Sjoch nei de bylden

It wie de tredde edysje fan de Urban Trail. Yn 2020 koe it evenemint net trochgean, fanwege de coronakrisis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)