Gert-Anne van der Bos wint mei Dylan Drent en Willem Heeringa

12 sep 2021 - 19:48

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Dylan Drent en Willem Heeringa hat de trochmekoarlotterspartij fan Marsum wûn. It is de ien-nei-lêste keatspartij fan it jier.

Foto: Henk Bootsma

Van der Bos is útroppen ta kening. Hy sloech de partij út mei syn seisde sitbal fan de finale. Dy wie tsjin Peter van Zuiden, Hyltje Bosma en Erwin Zijlstra.

De tredde priis gong nei Johannes van der Veen, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar.

Nije wike is yn Ljouwert de lêste keatswedstriid fan it seizoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)