Kuorballers LDODK ferlieze fan Fortuna

12 sep 2021 - 19:24

De kuorballers fan LDODK fan Terwispel en De Gordyk ha yn de eareklasse mei 20-15 ferlern fan Fortuna út Delft.

In eardere wedstriid fan LDODK - Foto: Orange Pictures

Nei twa wedstriden stiet LDODK no op it tredde plak yn de eareklasse. Dat is it heechste nivo fan de fjildkuorbalkompetysje.

LDODK is de iennichste Fryske ploech op dat nivo. De Friezen ha dit seizoen in nije trainer yn Diko Dik. Ek âld-ynternasjonal Marjolijn Kroon is nei in jier ôfwêzigens werom yn de seleksje.

LDODK spilet de fjildkompetysje yn in pûl fan seis ploegen. De earste fiif wedstriden binne foar de sealkompetysje en de returns yn de eareklasse binne nei ôfrin fan de kompetysje yn de seal.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
(Advertinsje)
(Advertinsje)