Hearrenfeantrainer Johnny Jansen: Grins mei bliid wêze mei punt

12 sep 2021 - 18:59

FC Groningen mei bliid wêze mei in punt, sei sc Hearrenfeantrainer Johnny Jansen nei ôfrin fan de noardlike derby. It waard 1-1.

Foto: Orange Pictures

"We hadden het in de eerste helft al kunnen beslissen. En in de tweede helft hebben we ook onze mogelijkheden gehad", seit Jansen.

Yn de earste helte wie Hearrenfean de baas. De twadde helte wie oars. "Toen zetten ze ons volledig onder druk. We konden niet opbouwen van achteruit. Dat moeten we beter doen", seit Jansen.

Johnny Jansen

Jansen sjocht romte foar ferbettering. "We speelden de lange bal, en we stonden heel groot. Dan hebben we moeite de tweede bal te winnen. Dat moeten we beter doen. Dan kun je verder voetballen."

Va-banque

Yn de twadde helte kearde de wedstriid, seit Lucas Woudenberg. "Misschien gaan zij wat meer alles of niets spelen. Va-banque. Ze laten ons niet meer voetballen."

Lucas Woudenberg

"Al met al een goeie eerste helft. We moeten naar de tweede helft kijken, om te zien wat we de volgende keer beter moeten doen."

Twa gesichten

Tibor Halilovic is de nije doelpuntemasine fan Hearrenfean. Hy hat trije doelpunten makke, yn fjouwer wedstriden. Hy stiet no tichter by de goal, seit er. Mar dat er safolle skoare soe, hie er net tocht.

Tibor Halilovic

De wedstriid tsjin Grins wie in wedstriid mei twa gesichten, seit er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)