Limburger wint SUP-Alvestêdetocht

12 sep 2021 - 20:20

De Limburger Joep van Bakel kaam snein yn de Ljouwerter Prinsetún as winner oer de einstreek fan de 13de SUP-Alvestêdetocht.

Besjoch de finish fan Joep van Bakel

Mei-inoar diene 115 dielnimmers út 18 lannen yn ferskate kategoryen oan it evenemint mei. Van Bakel kaam reedlik fris en yn in rekôrtiid oer de einstreek.

Wrâldkampioenskippen

Van Bakel wie bliid mei de winst, mar wiisde der ek op dat it evenemint dit jier net it sterkst mooglike dielnimmersfjild hie, omdat der tagelyk ek wrâldkampioenskippen wiene.

Underweis moasten de dielnimmers fansels geregeld sakje of djip troch de knibbels om ûnder alle brêgen troch te gean. Mar Van Brakel hie it eins allinnich mar lestich hân op de wat rûzige Sleattemer Mar. "Geef mij de kanalen en vaarten maar. De Dokkumer Ee was bijvoorbeeld heel goed te doen."

Fluchste Friezinne

By de froulju waard Wietske Kuipers fan Snits tredde. Sy wie de fluchste Friezinne. Benammen de Bonkefeart fûn se dreech, omdat se doe yn 'e wyn op moast.

Wietske Kuipers is de fluchste Friezinne

Kuipers is grutsk op it poadiumplak, mar de SUP-plank lit se foarearst even gewurde. "Het was top, maar ik ben er nu wel even klaar mee."

By de finish yn Ljouwert koene de dielnimmers harsels massearje litte troch sportmasseurs. Fan dy service waard drok gebrûk makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)