Hearrenfean ferspilet foarsprong yn noardlike derby tsjin FC Groningen

Hearrenfean hat ien punt oerholden oan de noardlike derby tsjin FC Groningen. De Friezen wiene dominant yn de earste helte, mar yn de twadde helte kamen de Grinzers werom.
Milan van Ewijk fan Hearrenfean en Patrick Joosten fan Grins © Orange Pictures
Hearrenfean spile mei Nicolas Madsen en Benjamin Nygren yn de basis, omdat Anthony Musaba en Rodney Kongolo siik binne.
Opstelling sc Hearrenfean: Erwin Mulder; Milan van Ewijk, Sven van Beek, Ibrahim Dresevic, Lucas Woudenberg; Nicolas Madsen, Henk Veerman; Benjamin Nygren, Tibor Halilovic, Siem de Jong; Joey Veerman.
Yn de earste helte wie sc Hearrenfean dominant. It earste doelpunt foel nei in sterke oanfal fan sc Hearrenfean. Joey Veerman passte de bal tusken twa Grinzers troch nei Tibor Halilovic, en dy pripte de bal de koarte hoeke yn.
Yn de twadde helte koene de Friezen de foarsprong net fêsthâlde. Cyril Ngonge makke de lykmakker yn minút 68.
Yn de slotfaze fan de wedstriid stie FC Groningen mei 10 man, nei in twadde giele kaart fan Mike te Wierik, mar Hearrenfean koe dêr net fan profitearje. Einstân: 1-1.
Sjoch hjirûnder foar de wedstriidstatistiken. Komme se net goed yn byld, klik dan hjir.