Freestyle BMX'er Arjan Ellens grutte kânshawwer op NK

12 sep 2021 - 12:55

Arjan Ellens út Twizelerheide docht dizze snein mei oan it NK BMX Freestyle yn Rotterdam. De kâns is grut dat er Nederlânsk kampioen wurdt. Syn doel is de Olympyske Spelen yn 2024.

In Freestyle BMX'er yn de finale op de Olympyske Spelen yn Tokio - Foto: ANP

Yn 2019 waard er tredde op it NK, yn 2020 waard er twadde, dus dit jier earste? "Dat is wol it doel, dêr gean ik wol foar", seit Arjan Ellens. By Freestyle BMX dochst akrobatyske trúkjes mei de fyts. "Ik gean oer de kop, meitsje salto's en draai rûntsjes. It is wol wat in gefaarlike sport, mar it giet oant no ta hiel goed."

As jonkje al oer de skâns

As jonkje wie er altyd al oan it stunten op de fyts. "Mei myn pake skânskes meitsje om oerhinne te springen." Hy begûn yn Noardburgum op de fytscrossbaan en ferhuze nei Feanwâlden dêr't in skatebaan wie. "Elk wykein siet ik fjouwer oeren yn de trein nei Eindhoven om't dêr it iennige plak wie om te oefenjen. Yn in bak mei kessens ha ik al myn trúkjes leard. Ik moast der wol wat foar oer ha, mar it wie de muoite wurdich. Ik ha no in hiel moai libben."

Populêr

Yn 2019 keas er folslein foar de sport en hâlde op mei wurkjen, mei fytsshows en lesjaan fertsjinnet er syn jild. "Ik wenje no yn Amsterdam. It fytsen is no myn wurk wurden. Neist de trainingen jou ik les oan sa'n 200 bern yn Amsterdam. It wurdt hieltyd populêrder. Dat sjoch ik ek yn Feanwâlden. Dêr binne jonkjes op de skatebaan oan it BMX'en. Dat is moai om te sjen."

Olympyske Spelen

Op it NK is er de grutste kânshawwer. "Der sit wol druk op, want elk ferwachtet fan my dat ik winne sil." Takom jier sit de planning al fol mei shows en wedstriden yn it bûtenlân en dan rjochtet er him op de folgjende Olympyske Spelen, dêr't BMX Freestyle sûnt ferline jier in olympyske sport is.

Arjen Ellens

Trefwurden: 
NK Arjan Ellens BMX Freestyle
(Advertinsje)
(Advertinsje)