Boek fertelt skiednis fan puollen en marren by Aldegea (SWF)

12 sep 2021 - 11:05

De skiednis fan de puollen en marren by Aldegea (Súdwest-Fryslân) is fêstlein yn in boek. Neist de skiednis fan it lânskip sit der ek in ynformative rûte-app by mei audiofisuele opdrachten.

Foto: Kulturele Kommisje Aldegea

It boek is skreaun troch pleatslik histoarikus Harmen Akerboom dy't dêrfoar prate mei leafhawwers en brûkers fan it gebiet. Der stean ek gedichten yn.

Alle bewenners fan Aldegea-Idzegea-Sânfurd kinne it boek fergees ophelje.

Trefwurden: 
Aldegea boek Puollen
(Advertinsje)
(Advertinsje)