Hoe hold Fryslân yn de midsiuwen drûge fuotten? En wat kinne wy dêr no fan leare?
"We wize no gau nei de gemeente, mar we moatte ús beseffe dat dit probleem fan ús allegear is, en dat we it mei ús allen oplosse moatte." Dat seit Jorris Kingma. Hy die histoarysk ûndersyk nei wetterbehear.
De 25-jierrige Kingma die foar syn stúdzje European Studies oan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden histoarysk ûndersyk nei wetterbehear. In nijsgjirrich fraachstik yn in tiid dêr't ekstreme drûchte, wetterkoarten en ûnderhâld fan diken in soad omtinken freegje.
Opgroeid yn it doarpke Ried komt Jorris Kingma graach ta rêst by de kwelders fan de seedyk by Westhoek. "Troch de seizoenen hinne sjogge je hjir it lânskip feroarjen. As je hjir binne, dan hoege je net mear op fakânsje."
De skjintme fan de seedyk sprekt Kingma bot oan, dochs is hy ek bewust dat ûnderhâld fan de diken fan belang is om drûge fuotten te hâlden, hielendal no't it waar feroaret.
Om mear oer dit ûnderwerp te witten te kommen, ûndersocht Kingma ûnder lieding fan âldfrisist Anne Tjerk Popkema, hoe't de Friezen yn de midsiuwen omgienen mei wetterbehear. "Ik haw my earst trije moannen ynlêzen en doe begûn him in ferhaal te foarmjen."
Fryske frijheid
"Yn de twadde iuw nei Kristus setten bewenners útein mei it bouwen fan terpen en om de tsiende iuw hinne binne se begûn mei it oanlizzen fan diken. Fan dy tiid ôf hawwe wy ús lânskip hieltyd mear foarmjûn, lân op wetter wûn en hawwe wy ús hjir hieltyd mear permanint fêstigje kind."
Neffens Kingma is de perioade fan de Fryske frijheid (1250-1498) nijsgjirrich. "Yn dy tiid waarden diken boud, groeven se ôfwetterings en waarden slûzen oanlein."
"Fryslân hie doe gjin sintraal gesach en dat betsjut dat alles doe oanlein is foar en troch de befolking sels en dat is hiel nijsgjirrich. Elts wie ferantwurdlik foar drûge fuotten."
Feangreidedossier
De tiid fan de Fryske frijheid hie gjin Wetterskip of dykgraven. Dat hoegde doe ek net.
"It is typysk fan no dat ferantwurdlikheden en belangen sa bot segmintearre en kompartimintearre wurde, dat we der net mear útkomme. Nim bygelyks it feangreidedossier: Hoe lang prate wy dêr no al oer? En we komme der net út."
Wetteroerlêst as kollektyf probleem
Dêr't Fryslân de lêste twa simmers noch bot te krijen hie mei hjitteweagen, wienen it just dizze simmer de ekstreme reinbuien dy't soargen joegen. Yn Wâldsein bygelyks foel in soad wetter en stienen de strjitten blank.
Dit wie de sitewaasje yn Wâldsein:
Bewenners wiisden nei de gemeente dat dy de rioelearring better op oarder bringe moast. Kingma is dêr kritysk oer.
"We binne de lêste desennia hieltyd mear klant fan de oerheid wurden en we wize al gau nei de gemeente. Ik tink dat we just nei in besef ta moatte dat dit probleem foar ús allegear is en dat we dat ek mei ús allen oplosse moatte. Minder wize en sels de ferantwurdlikheid nimme", stelt Kingma.
Yn de midsiuwen namen de bewenners yn Fryslân op skoudagen sels harren ferantwurdlikheid en ûnderholden se de diken. Kingma tinkt dat it net realistysk is om te tinken dat minsken dêr yn dizze tiid ek ree ta binne, mar it kin wol as metafoar sjoen wurde, seit er.
"We moatte mei ús allen neitinke hoe't we drûge fuotten hâlde. We moatte ûnderdiel wurde fan de oplossing, want dat wetter komt wol."
Relaasjeterapy mei de natoer
Kingma stelt dat de mienskip feroare is. "We binne folle minder ferbûn mei ús lânskip. Yn de midsiuwen wurke elts mei de eigen omjouwing, mar wy binne mear fan ús omjouwing ferfrjemde. In hiel soad minsken witte de nammen fan fûgels en bisten net iens mear."
Neffens Kingma is it fan belang dat de minske wer yn ferbining komt mei syn omjouwing. Hielendal no't hieltyd dúdliker wurdt dat ús klimaat feroaret.
"Op dy feroarings moatte wy ynspringe. Us ferstânshoulik mei de natuer hat wer leafde nedich. Eins soenen we yn relaasjeterapy moatte mei de natuer en ús mei mekoar wapenje tsjin it hege wetter dat deroan komt."