Tal fan Fryske monuminten tagonklik op Iepen Monumintedei

Tal fan monuminten sette dit wykein de doarren iepen fanwegen Iepen Monumintedei. Sneon wienen goed 170 lokaasjes yn Fryslân te besjen, snein binne ek noch goed 40 monuminten tagonklik.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Fan tsjerken oant begraafplakken, fan staten en stinzen oant kantoaren en fan wenhuzen oant mûnen: it is allegear tagonklik. Ek ferskate musea binne iepen en guon tunen.
Kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert is te besjen. It sintrum waard earder dizze wike iepene troch kening Willem-Alexander.
Ek de muorreskilderijen yn Bakhuzen, dy't lêsten foar it ljocht kamen, kinne besjoen wurde.
Op de webside is mear te finen oer tiden en aktiviteiten.