Brede politike stipe foar gasprotest Ternaard jout demonstranten hoop

12 sep 2021 - 07:44

De demonstraasje by it NAM-terrein yn Ternaard tsjin it gaswinnen ûnder it Waad luts sneon in pear hûndert minsken. It protest waard stipe troch hast alle politike partijen yn Provinsjale Steaten en Noardeast-Fryslân; fan SP en GrienLinks oant CDA, D66, FNP en PvdA.

De start fan de demonstraasje tsjin gaswinning yn Ternaard - Foto: Omrop Fryslân

As dat ferset tsjin it gaswinnen nije wike yn de Twadde Keamer ek sa breed is, dan kin de Keamer demisjonêr minister Blok mooglik twinge om de fergunning oan de NAM wer yn te lûken.

Twadde Keamerlid Henk Nijboer, dy't yn Ternaard ek út namme fan GrienLinks spruts, wol besykje om dat hieltyd bredere politike front tsjin gaswinning te brûken. "Lokaal en regionaal zijn ook regeringspartijen als CDA en D66 tegen de gaswinning onder het Wad. Ik hoop dat die partijen nu ook in de Tweede Kamer hun poot stijf houden." As se dat dreech fine dan wol Nijboer se dêr wol by helpe.

Twadde Keamerlid Henk Nijboer fan de PvdA

Ek Frank Petersen fan de Waadferiening krijt fan ferskate kanten sinjalen dat der wol beweging is yn de Twadde Keamer: "Wij weten dat er Tweede Kamerleden zijn bij CDA en D66 die er net zo over denken als wij. Als zij nu een blok kunnen vormen met de Kamerleden die hier zijn, dan kunnen ze minister Blok dwingen om zijn standpunt te herzien."

Petersen hat goede hoop, mar doart noch net op sukses te rekkenjen: "Ergens in mij knaagt een stemmetje: minister Blok trekt zich hier waarschijnlijk niets van aan."

Frank Petersen oan it wurd op de demonstraasje tsjin gaswinning by Ternaard - Foto: Omrop Fryslân

Frank Petersen fan de Waadferiening

Neffens gemeenteriedslid Aant Jelle Soepboer (FNP) is net allinnich minister Blok it probleem, mar ek de mynbouwet, dy't befolking, gemeenten en provinsjes gjin echte ynspraak jout. "Je kinne sjenswizen yntsjinje safolle as je wolle, mar de minsken hawwe net it gefoel dat der nei harren harke wurdt."

Wet út Frânske Tiid

Soepboer wiist der op dat de wet oarspronklik út de Frânske Tiid stammet. Dat seit wat him oanbelanget genôch. "Napoleon die ek net oan de ynspraak." Soepboer fynt dan ek dat de wet sa gau mooglik feroare wurde moat en frege oan de oanwêzige Keamerleden om dêr wurk fan te meitsjen.

Rûnom yn Fryslân wurdt wurke oan enerzjy-koöperaasjes en dan soe hjir wer nei gas boarre wurde moatte yn in natuergebiet?

Hans van der Werff fan de Fryske Miljeufederaasje

Oare sprekkers op de manifestaasje wiisden op it bot tsjinstridige karakter fan it ryksbelied op enerzjyterrein. "Wy moatte fan it gas ôf. Rûnom yn Fryslân wurdt wurke oan enerzjy-koöperaasjes en dan soe hjir wer nei gas boarre wurde moatte yn in natuergebiet? Dat is achterhelle en net logysk", sei direkteur Hans van der Werff fan de Fryske Miljeufederaasje.

Aksjefierders út Grins

De manifestaasje waard ek bywenne troch in stikmannich aksjefierders tsjin gaswinning út Grinslân. Dy fûnen it in moaie byienkomst. "De bevolking in Groningen is murw. Die krijg je niet meer zo snel in actie", seit aksjefierder Jan Holtman. Hy fynt dat de Friezen trochgean moatte mei de aksjes tsjin gaswinning. Skea foarkomme is better as jierrenlang gedonder achterôf, sa is syn advys.

Demisjonêr minister Stef Blok komt moandei nei Ternaard - Foto: ANP

Besite fan demisjonêr minister Stef Blok

Moandei is ek wer in spannende dei foar de minsken dy't it dossier Ternaard folgje, want dan komt demisjonêr minister Stef Blok op besite. Hy sil ûnder oare prate mei boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân. Ek by dy besite wurde demonstranten ferwachte.

Woansdei nei Den Haag

Guon aksjefierders binne ek fan doel om woansdei nei Den Haag te reizgjen. "Wij zijn woensdag zeker in Den Haag", seit Frank Petersen fan de Waadferiening. "Het is onvoorstelbaar hoe enorm dit thema nu leeft. De telefoon staat geen moment stil." Ek de SP tinkt deroer om bussen ride te litten nei Den Haag, alteast as der foldwaande belangstelling foar is. SP-steatelid Hanneke Goede, de inisjatyfnimster fan de demonstraasje by Ternaard kin dan sels net mei fanwegen oare ferplichtingen op it provinsjehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)