Cambuurspits Boere belibbet "heerlijke avond" tsjin Go Ahead Eagles

11 sep 2021 - 22:56

Nei de oerwinning op Go Ahead Eagles (5-2) wienen der in protte blide gesichten by Cambuur. Bygelyks by Tom Boere: hy makke syn earste offisjele doelpunten foar de Ljouwerters.

Foto: Orange Pictures

"Als spits wil je graag doelpunten maken, je wilt belangrijk zijn. Dat het vandaag zo gaat, is voor mij persoonlijk wel heel lekker", seit Boere grutsk.

Tom Boere nei syn earste doelpunten foar Cambuur

Boere syn earste doelpunt foel krekt foar it skoft by in 0-1 efterstân. "Dat is een heerlijk gevoel, zeker op het moment zelf: vlak voor de rust, een belangrijk moment. Voor mij is dat heel fijn."

Boere geniete fan de wedstriid. "Dat we het na een 1-0 achterstand nog goedmaken en dat we het over de streep trekken met energie en het publiek erachter. Het was gewoon een heerlijke avond", laket de spits.

Henk de Jong foarseit doelpunten Boere

Henk de Jong fielde it sukses fan Boere al oankommen: "Ik sei fan 'e middei noch tsjin him: do makkest twa. Kaam er nei ôfrin nei my ta: trainer, je had wel gelijk."

"Hy jout in protte gas", giet De Jong fierder. "Fol gas druksette, rinne, dan wurdst ek beleanne."

Sjoch hjir nei de reaksje fan Henk de Jong

De Jong seit hieltyd: as we eltse wedstriid in punt pakke, dan bliuwe we deryn. Cambuur hat no seis punten út fjouwer wedstriden, plus twa dus. "Gelokkich hawwe wy takom wike in makje, dus dan komt dat wol wer oars." Nije wike spilet Cambuur tsjin Ajax.

Spanning by nochtere Volendammer

Om't Erik Schouten yn de warming-up útfoel, moast Marco Tol yn de basis begjinne. Dat wie wol efkes spannend. "Van buiten blijf ik wel rustig als nuchtere Volendammer, maar van binnen vond ik het wel een beetje spannend, inderdaad."

Skoarende Marco Tol oer Cambuur - Go Ahead Eagles

Tol bekroande syn wedstriid ek noch mei in doelpunt: "Ik was eerst bang dat de keeper hem nog zou pakken, want hij zat er nog aan, maar als je hem dan tegen het zijnetje ziet vallen, dan komt er wel wat ontlading vrij."

(Advertinsje)
(Advertinsje)