Cambuur wint mei romme sifers fan Go Ahead Eagles

SC Cambuur hat syn twadde wedstriid op rige wûn. Yn eigen hûs waard Go Ahead Eagles mei romme sifers oan 'e kant set (5-2).
© Orange Pictures
By Cambuur rekke oanfierder Erik Schouten blessearre yn de warming-up. Marco Tol naam syn plak yn de ferdigening yn en de oanfierdersbân gong nei keeper Sonny Stevens.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Tol, Bangura; Hoedemakers, Jacobs, Maulun; Breij, Boere en Kallon.
Cambuur ûntsnapte yn de iepeningsfaze doe't in frije traap fan Justin Bakker op de latte bedarre. Tsien minuten letter rekke ek Cambuur it aluminium: in skot fan Mees Hoedemakers einige tsjin de peal.

Gjin bûtenspul, Cambuur op efterstân

Yn de 23ste minút krige Robin Maulun in kâns om te sjitten. It skot fan de Frânsman waard lykwols stylfol pakt troch âld-Hearrenfeankeeper Warner Hahn.
Tsien minuten foar it skoft kaam Go Ahead Eagles op foarsprong. Luuk Brouwers dûkte allinnich foar Stevens op. Grinsrjochter Jan de Vries flagge earst noch foar bûtenspul, mar nei oerlis mei de VAR telde de goal dochs: 0-1.

Earste goal Boere

Cambuur hie in protte balferlies yn de faze dêrnei. De 0-2 hong yn de loft, mar krekt foar it skoft wie it Cambuur dat skoarde. Issa Kallon joech de bal goed foar en Tom Boere kopte kreas raak: 1-1. It wie syn earste offisjele goal foar Cambuur.
Boere bliid mei syn earste goal foar Cambuur © Orange Pictures
It waard noch moaier foar Boere. Hy waard yn de 50ste minút de djipte ynstjoerd, omspile Hahn en skode de bal yn de goal: 2-1.

Cambuurstoarm nei it skoft

Trije minuten letter pikte ek Marco Tol syn doelpunt mei. Hy kopte de frije traap fan Robin Maulun deryn: 3-1. De Cambuurstoarm gie dêrnei noch net lizze. Doke Schmidt bruts troch oan de rjochterkant, sette de bal foar en dêr stie Jamie Jacobs om de bal binnen te tikjen.
In kertier foar it ein waard it ek noch 5-1. Go Ahead-ferdigener Justin Bakker liet him ferrifelje troch Tamás Kiss, dy't krekt ynfallen wie. Kiss skeat de bal dêrnei ienfâldich yn de goal.
Go Ahead die dêrnei noch wol wat werom troch in kopbal fan Iñigo Córdoba nei in frije traap fan Bakker.

Debutanten

Henk de Jong fûn it dêrnei tiid foar trije debutanten. Maxim Gullit, Filip Krastev en Jhondly van der Meer makken harren earste minuten foar de Ljouwerters.
Go Ahead rekke fia Córdoba noch de peal, mar skoard waard der net mear.
Sa hat Cambuur no seis punten út fjouwer wedstriden en dêrmei stiet Ljouwert foarearst yn it linkerrychje.
Sjoch hjirûnder foar de wedstriidstatistiken. Komme se net goed yn byld, klik dan hjir.