Deadlik ûngelok by Skarsterbrêge: Plysje ropt op ta ekstra rydlessen

11 sep 2021 - 20:58

By in ûngelok yn Skarsterbrêge is in motorrider om it libben kaam. It is net dúdlik hoe't it ûngelok ûntstean koe. In plysjeman dy't der by wie, seit dat it om in iensidich ûngelok giet.

Foto: CAMJO Media

Meardere ambulânses en in traumahelikopter wiene oproppen om help te ferlienen. It slachtoffer is noch reanimearre, mar dat hat net mear holpen.

'Gebrek aan inzicht'

Nei oanlieding fan it ûngelok ropt plysjeman Niels Hoogma alle motorriders op om om de safolle tiid ekstra rydlessen te nimmen.

"Soms is het echt dikke pech, en was er totaal niets aan te doen", skriuwt er op Instagram. "Een ongeval heeft echter vaak wel een aanleiding. Snelheid, afleiding, niet waarnemen, onder invloed, een technisch gebrek, maar ook (en zeker bij motorrijders) 'gebrek aan inzicht' in de breedste zin van het woord."

Net de earste kear

It wie net de earste kear dat Hoogma as plysjeman by in deadlik ûngelok stiet, seit er.

"Lang niet altijd is het direct aan de motorrijder te wijten, dat deze bij een ongeval betrokken raakt. Maar vaak had een situatie wel voorkomen kunnen worden door meer kennis en kunde te hebben van de motor, en meer zelfs in het herkennen en inschatten van situaties."

De taal fan de dyk

Hoogma ropt motorriders op om om de pear jier 'een voortgezette rijvaardigheidstraining' te folgjen. "Niet alleen omgaan met het voertuig door op een circuit rondjes te rijden, maar juist de weg op. De taal van de weg leren, en het her- en onderkennen van situaties. Voorkomen dat je in de problemen komt."

De oprop jildt net allinne foar begjinnende motorriders, seit Hoogma. "Ik zie veel 'ervaren' motorrijders ook bijzondere dingen doen."

It komt faker foar dat in motorrider yn it Fryske ferkear om it libben komt. Earder dit jier makke it radioprogramma Buro de Vries in portret fan Ben de Groot.

Hy wie 27 jier âld, en stie bekend as de Wheelie King. Hy behearske syn motor as gjin oar, mar mocht ek - benammen op it sirkwy - graach de rântsjes opsykje. Op it yndustryterrein fan Ljouwert waard er oanriden. Dat oerlibbe hy net.

It oangripende portret fan Ben de Groot is noch te hearren op de webside fan Omrop Fryslân, en ek op Spotify.

(Advertinsje)
(Advertinsje)