Hûnderten minsken demonstrearje tsjin gaswinning Waadsee

Sa'n 300 minsken demonstrearren sneon yn Ternaard tsjin gaswinning ûnder de Waadsee. De organisaasje rôp dielnimmers op om oardel meter ôfstân te hâlden.
© Omrop Fryslan, Onno Falkena
Ofstân hâlde foel by de start oan de smelle Seepmawei net ta. "Der wurdt wat lake om de oprop", seit ferslachjouwer Onno Falkena. "Want sa breed is dit dykje net."

'Bijna iedereen wilde wel'

Der binne in protte Fryske politisy by de demonstraasje, seit Hanneke Goede (SP). Se is ien fan de inisjatyfnimmers fan it protest. "We hebben de hele politiek opgetrommeld, en bijna iedereen wilde wel."
Hast alle Steatefraksjes binne der. "Er missen er maar twee. En er zijn ook veel lokale politici. En inwoners van Ternaard. Zij krijgen de boortoren in hun achtertuin."

'Duidlijk signaal'

Goede is bliid mei de opkomst. "Dit is een duidelijk signaal: er moet niet geboord worden onder de Waddenzee. Bijna niemand wil dit. Laten we het dan ook niet doen."
Sjoch nei de reportaazje
It is net it lêste protest, seit Goede. "Maandag zijn we hier weer." Dan komt demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken en Klimaat nei Ternaard.