Nije foarstelling Wat Soesto! oer boer dy't gjin kant mear út kin

It nije stik Wat Soesto! fan Freark Smink en Klaasje Postma giet oer in boer dy't gjin kant mear út kin. Hy sit fêst tusken tradysje en de moderne wrâld dêr't gjin romte mear foar him is. It jok fan syn foarâlden en fragen oer de takomst pleagje him.
Freark Smink skreau de tekst. "Ik rûn al langer mei it idee om. Yn 2019 hie ik de tiid en bin ik begûn te skriuwen. Dat waard in jûnfoljend stik foar acht persoanen. Ik hie in lêskommisje mei dêryn ûnder oare Jos Thie, Geert Mak, Bouke Oldenhof, myn frou Klaasje en David Lelieveld fan Pier21. Nei it lêzen seinen se: moai, lis mar op de planke en skriuw it no mar út dysels wei."

Eigen famylje

Hy socht nei reitsflakken mei himsels en syn eigen famylje. "Ik bin de âldste soan fan in boer, kom út in grutte húshâlding. Us heit wie in dominante man en ús mem wie sa leaf, ik bin noch altyd ûnwennich fan har. Ik ha myn bruorren ynterviewd en ferskate boeren en trije jier lang alle kranteknipsels oer it ûnderwerp sammele en boeken lêzen. Doe hie ik genôch bagaazje om te skriuwen."
Yn in caravan yn de dunen fan Texel begûn er op 'e nij. "Blykber wie ik doe goed op wei, want op in tredde part sei Jos dat er graach de regy dwaan woe."
Klaasje Postma spilet de mem yn it stik. "Ik fersoargje har", seit Smink. "Ik bin demint en sis sa no en dan wat, mar gean foaral myn eigen gong, dus de soan moat my hieltyd yn de gaten hâlde", follet Klaasje Postma oan.
© Pier21
Mei de ferromme coronamaatregels mei der mear publyk by de foarstellingen. It stik giet freed yn Theater Sneek yn premjêre.