Omrop TIP: FryslânDOK oer Jan Mankes

Yn Museum Belvédère yn Oranjewâld is de tentoanstelling: 'Jan Mankes, de dieren en de ziel der dingen' te sjen. FryslânDOK hat ferline jier op basis fan in dokumintêre fan Gryt van Duinen út 2001 in nije film makke oer it libben en wurk fan de keunstner Jan Mankes (1889-1920).
Yn 2020, 100 jier nei it ferstjerren fan Mankes, hie Museum MORE in Gorssel in tentoanstelling mei 35 topstikken fan Mankes. "Eén van de mooiste portretten uit de moderne Nederlandse kunstgeschiedenis", neamde direkteur Ype Koopmans it portret dat Jan Mankes fan syn frou Anne Zernike makke. 'Het is lieflijk, ontroerend.'
Portret Anne Zernike © Omrop Fryslân
Anne Zernike kaam yn 1911 als meniste dûmny nei De Knipe, it doarp dêr't Jan Mankes mei syn âlders wenne. Yn 1914 ferloofden Jan en Anne har, in jier letter trouden se. Ype Koopmans: "Ze waren elkaars grote liefde."
Anne Zernike en Jan Mankes © Omrop Fryslan
Jan en Anne ferhuzen nei Den Haag, omdat de seelucht him goed dwaan soe. Hy hie tbc. Letter giene se nei Eerbeek op de Feluwe. Yn 1920 is Jan Mankes ferstoarn op 30-jierrige leeftiid.
Jan Mankes, selsportret © Omrop Fryslan
De oprjochter fan Museum Belvédère Thom Mercuur wie in grut leafhawwer fan it wurk fan Mankes. "Tiidleaze keunst" seit hy yn de film út 2001. En: "Oer 20 jier sil Mankes noch mear bewûndering hawwe." Syn foarsizzing komt út. Yn Museum MORE yn Gorssel wie ferline jier in grutte tentoanstelling, en no yn Museum Belvédère.
Ule. Jan Mankes. © Omrop Fryslân
De FryslânDOK 'De stille ferwûndering fan Jan Mankes' is earder útstjoerd yn de maitiid fan 2020.
-Sneon 11 septimber NPO2 15.30 oere (werhelling snein 12 septimber 13.10 oere)
-Snein 12 septimber Omrop Fryslân 17.00 (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.