Publyk en makkers entûsjast by premjêre Wadopera Peter Grimes

11 sep 2021 - 08:45

De besikers fan Wadopera Peter Grimes, achter de seedyk by Peazens-Moddergat, moasten der troch corona in jier op wachtsje, mar freed gie it stik lang om let yn premjêre.

Ympresje fan de try-out - Foto: Omrop Fryslân, Titia Ronda

De opera giet oer fisker Peter Grimes dy't syn skipsjonge op see ferliest. Neffens Grimes is it in ûngelok, mar it doarp fertinkt him fan moard en keart him tsjin him.

Opera op het Wad - Foto: Van Plan

Besikers wienen nei ôfrin hiel entûsjast. Se wienen bot ûnder de yndruk. "It wie fantastysk, it ferhaal fan de fisker spruts my oan", sei in frou. "It wie geweldich, en dat hjir yn Peazens-Moddergat" folle in oar oan.

Twa froulju bleaunen nei ôfrin noch efkes op de tribune sitten. "Even in de sfeer blijven, we hebben zo genoten. De locatie voegt zoveel toe aan de muziek en het spel."

Reaksjes fan besikers

Ek foar de cast en crew wie it in bysûndere jûn. Noch net earder hiene sy in stik spile op sa'n bysûndere lokaasje, middenyn de natuer. Haadrolspiler Albert Bonnema wie tefreden oer de premjêre. "It wie hiel bysûnder. As operasjonger moatst de emoasjes fiele, mar je moatte sels net te emosjoneel wurde. Ik moat noch wol sjonge kinne. It publyk wie machtich, se harken sa oandachtich, fieldest de konsintraasje."

Ek regisseur Paul Carr wie in lokkich man. Koest in spjelde fallen hearre, sei er oer it publyk. Ek fynt er Peazens de ideale lokaasje foar it stik, benammen om't it in fiskersdoarp is, en om't it doarp sels ek in tragyske skiednis hat mei de see. Hy is grutsk op de doarpsbewenners dy't meidogge oan it stik. "They are great!"

Haadrolspiler Albert Bonnema en regisseur Paul Carr

(Advertinsje)
(Advertinsje)