Wittenskippers: Skea stroomkabels Waadsee 'mooglik net te oersjen'

De foarnommen oanlis fan de stroomkabels troch Tennet sil in enoarme oanslach wêze op de kwetsbere natuer yn de Waadsee. Neffens sa'n tritich wittenskippers binne ûnder oare de mokselbanken oan de súdkant, yn it wantij fan Skiermûntseach, hiel kwetsber.
© RTV NOF, Ben de Jager
"Ut ekologysk perspektyf wei nimme se de rûte, dy't it meast skealik is foar de hiele Waadsee", fertelt Tjisse van der Heide.
Oare opsjes binne folle djoerder, lykas de mear eastlike fariant fan de kabelrûte. Professor dr. ir. Tjisse van der Heide fan it Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) en heechlearaar oan de Rijksuniversiteit in Groningen is troch de Twadde Keamer frege, oft er syn wittenskiplike blik op de situaasje jaan wol.
Sjoch hjir nei de reportaazje
Yn in brief, dy't er opsteld hat yn gearwurking mei 29 oare wittenskippers, lit er witte dat nei it bestudearjen fan in soad data. "Dan sjogge wy eins dat Tennet in rûte kiest, dêr't it measte bioferskaat sit, it heechste wat bioferskaat oangiet datst op it Waad fine kinst."
© RTV NOF, Ben de Jager
De oanlis fan de stroomkabel is nedich, om't de enerzjy fan in nij wynmûnepark yn de Noardsee nei de fêste wâl ta moat. Foaral de aktiviteiten dy't op it Waad útfierd wurde moatte mei in 'uit de kluiten gewassen rupskraan', sille sa't it no liket soargje foar grutte skea.
"As jo troch in mokselbank op it Waad hinnerinne, sjogge je dat it faak wiken of sels moannen duorret foardat it wersteld is. En dan moatte je jo foarstelle dat der in enoarme rupskraan trochhinne stjoerd wurdt. Ik ha dochs wat muoite om my foar te stellen dat dat gjin negative effekten hat", seit de professor kustekology.
© RTV NOF, Ben de Jager
Tennet wol de kabel pleatse fia de westlike fariant, om't it dêr rêstich en ûndjip is. Dat bringt minder (oanlis)kosten mei him mei, mar de natuerskea is mooglik net te oersjen.
Van der Heide dêroer: "Wat ik konstatearje is dat de yngenieurs fan Tennet en de soarten fan it Waad blykber deselde foarkar hawwe. Dy gean fia deselde rûte, litte we it sa mar sizze. Ik tink dat wy earst mei elkoar mar ris sjen moatte wat foar de natoer winsklik is. Wy moatte mei de yngenieurs yn petear, fan wêr soe it kwa natoer en technyk beide kinne."
Tjisse van der Heide, wittenskipper by it NIOZ
De Twadde Keamer wurdt kommende tongersdei op 'e hichte brocht troch Van der Heide. Se lieten har earder al kritysk út oer de oanlis fan de stroomkabel fia dizze rûte.
"Jo lûke earst in line nei de wâl en dan net neitinke fan wat soe no út it eachpunt fan de natoer wei it bêste wêze. Je soene dat eins wol ferwachtsje, want wy sitte hjir yn in Wrâlderfgoed- en Natura-2000-gebiet. Mar dit is wat my oanbelanget de kompleet ferkearde folchoarder."