Froulju sc Hearrenfean winne ienfâldich fan VV Alkmaar

10 sep 2021 - 21:27

De froulju fan sc Hearrenfean hawwe de earste trije punten fan it seizoen binnen. Op Sportpark Nijhoarne waard der mei 3-0 wûn fan VV Alkmaar.

Foto: René Wiegmink / ProNews

Yn de iepeningsfaze gie it spul op en del, mar it wie de thúsploech dy't yn de 17e minút fia Roos van der Veen op foarsprong kaam. Sy koe út in hoekskop fan Eef Kerkhof binnenkoppe.

Chimera Ripa en Zoï van de Ven makken der foar it skoft sels noch respektyflik 2- en 3-0 fan. Van de Ven die dat mei in knap wipperke oer de doelfrou fan VV Alkmaar.

Yn de twadde helte krigen beide ploegen noch wol aardige kânsen, mar ta doelpunten kaam it net mear.

Fjouwer punten

De froulju fan Hearrenfean hawwe no fjouwer punten út twa wedstriden. De earste wedstriid fan it seizoen waard mei 2-2 lykspile tsjin nijkommer Feyenoord.

(Advertinsje)
(Advertinsje)