Direkteur Nelleke IJssennagger: 'Lytse Fryske Akademy sit fol ambysje'

De grinzen fan de kennis ferlizze, mear gearwurkje mei oare ynstituten en it eigen ûndersyk better oer it fuotljocht bringe. Dat binne de ambysjes fan Nelleke IJssennagger, sûnt maart direkteur fan de Fryske Akademy.
Direkteur Nelleke IJssennagger: 'Lytse Fryske Akademy sit fol ambysje'
Op de jierlikse Akademydei yn Ljouwert waard freed hast net mear praat oer de earnstige krisis dy't it ynstitút de ôfrûne jierren pleage. De foarige Akademydei yn 2019 stie noch yn it teken fan de grutte finansjele problemen dy't de Akademy doe hie. Twa jier letter wol de Fryske Akademy wer gewoan dwaande wêze mei dêr't it ynstitút foar oprjochte is: ûndersyk en wittenskip.

Applaus

Nelleke IJssennagger, dy't fan Twinte komt en yn maart by de Akademy begûn, hold har taspraak yn knap Frysk. Dat levere har sympaty op fan de oanwêzige leden en stipers en ek applaus.
"As je ferhúzje moatte je de taal leare fan it plak dêr't je hinnegean", seit IJssennagger dêr sels oer. "Myn Frysk is noch lang net perfekt, mar wêr kinne je de taal no better leare as by de Akademy?"
It gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert. © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"Wy binne in ynstitút fan ûndersyk en ynhâld. Dêr wolle we foaral graach fierder oer prate, want der bart in soad by de Akademy", fertelt IJssennagger. De tiid dat der foaral oer de Akademy praat waard fanwegen finansjele en bestjoerlike problemen is neffens de direkteur foarby.
"Der is fansels in soad bard, mar it moaie is dat it eins al foarby wie doe't ik begûn. Der sit in groep bysûnder motivearre meiwurkers dy't graach foarút wol. Der is no gelokkich ek wer romte is om nij talint oan te nimmen."

Gearwurking

IJssennagger is ek nau belutsen by it oerlis oer de Fryske kennisynfrastruktuer, dy't liede moat ta mear gearwurking mei oare organisaasjes op it mêd fan kennis lykas de Afûk, Tresoar, Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins, NHL Stenden en it Fries Sociaal Planburo. IJssennagger ferwachtet dat dit oerlis wol wat opsmite sil.
"Ik leau echt dat je mei-inoar sterker steane en sjoch der nei út om mear gear te wurkjen." Se hopet dat foar de ein fan it jier mear dúdlik wurdt oer de gearwurkingsplannen.
Direkteur Nelleke IJssennagger fan de Fryske Akademy