Skûlskuorre yn Aldebiltsyl foar kwetsbere minsken yn akute wenningneed

Tydlik en betelber ûnderdak foar minsken dy't yn skieding lizze of finansjele problemen hawwe. Dat is de doelstelling fan stichting De Schuilschuur yn Aldebiltsyl. Om dy plakken te meitsjen is de ôfrûne moannen de skuorre fan inisjatyfnimster Neeltje van den Brand flink ferboud.
De skûlskuorre yn Aldebiltsyl
Der sitte no twa nije apparteminten yn foar minsken mei akute wenningneed.
"De mail is ontploft", seit Van den Brand. "Wat ik natuurlijk fijn vind, maar aan de andere kant ook heel schrijnend. Het waren heel veel hulpvragen van vrouwen in nood, maar ook echt nood. We hebben veel lange mails gekregen over hoe de situatie zit. Ik ben er heel erg van geschrokken, dat het zo veel is."

Geweld

Op tongersdei wie de earste sjochdei by de skûlskoarre. Benammen froulju binne ynteressearre yn de wenromten. "Vrouwen met en zonder kinderen. Best wel veel zaken die te maken hebben met huiselijk geweld: vrouwen die vluchten vanuit huis, die gewoon wegmoeten. Ze slapen bijvoorbeeld bij tantes van 80 of bivakkeren bij vriendinnen. Maar dat is gewoon niet houdbaar. Ik ben er echt van geschrokken."

Seis moannen

De minsken kinne maksimaal in healjier yn de wenromten ferbliuwe. "We hebben uitgerekend als je dingen in Nederland moet regelen of je moet ergens op wachten, dan kan dat binnen zes maanden. Mocht het heel schrijnend zijn dan proberen we met z'n allen mee te zoeken. Misschien wat druk zetten bij gemeentes of woonstichtingen, maar er is gewoon helemaal niks", seit Van den Brand.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman seach by de skûlskuorre