Hearrenfean-nijeling Nick Bakker: "Ik denk wel dat ik een echte Groninger ben"

10 sep 2021 - 17:35

Foar Nick Bakker wurdt it duel tusken FC Groningen en sportklup Hearrenfean in spesjale wedstriid. Bakker tekene dizze wike in kontrakt by Hearrenfean en de earste wedstriid dêr't er yn meidwaan kin, is tsjin FC Groningen. "Toen ik als jonge jongen met mijn vader naar FC Groningen ging, was ik een echte Groningen-fan."

Nick Bakker yn it shirt fan FC Emmen - Foto: Orange Pictures

Nick Bakker wie de lêste spiler dy't oanlutsen waard troch Hearrenfean. Hy kaam nei de transferdeadline, want hy wie transferfrij. Hy spile fiif jier lang as ferdigener by FC Emmen.

Bakker: "Ik ben lang in gesprek geweest met Emmen over een nieuw contract. Maar dat was onder de voorwaarde dat we in de Eredivisie zouden blijven. Ik voelde me niet te groot voor de Keuken Kampioen Divisie, maar als je gewend bent aan de Eredivisie, dan wil je daar ook blijven spelen."

Nick Bakker fielde him net te grut foar de earste difyzje

Anthony Musaba makket tsjin FC Groningen mooglik syn debút yn de earedivyzje. De rappe fleugeloanfaller kaam op 'e lêste dei fan de transferperioade nei Fryslân. De 20-jierrige Musaba wurdt sjoen as de opfolger fan Mitchell van Bergen. Musaba spile ien seizoen foar NEC en makke dêrnei foar 2 miljoen euro de oerstap nei AS Monaco.

De Frânske middenmoater ferhierde him gelyk troch oan Cercle Brugge. Ek Hearrenfean hiert Musaba foar ien seizoen.

Je zal zien dat hij geweldige momenten afwisselt met hele slechte momenten.

Johnny Jansen oer de nije oanwinst Anthony Musaba

Johnny Jansen hat no oardel wike mei him wurkje kinnen en is ûnder de yndruk. "Hij is een publieksspeler en altijd op zoek naar de actie. Hij is snel en sterk, maar ook nog wat grof. Je zal zien dat hij geweldige momenten afwisselt met hele slechte momenten."

Musaba makket him op foar syn earste derby fan it Noarden

Hearrenfean-trainer Johnny Jansen wol de opstelling foar de wedstriid tsjin de Grinzsers noch net bekend meitsje. Sa is it noch de fraach oft Jansen Musaba fuort opstelt en oft Nick Bakker, dy't trije moannen gjin wedstriden spile hat, wol by de seleksje sit. Rami Kaib sit noch net by de seleksje. Hy hat in brutsen kaak.

'Graach in alternatyf'

"Het is gewoon jammer, maar de club heeft er alles aangedaan." Jansen fynt it spitich dat Hearrenfean net noch in spits oanlutsen hat foar de transferdeadline fan 31 augustus. "Siem de Jong is de concurrent van Henk Veerman. Die hebben beide een andere manier van invullen. Sven van Beek ging tegen AZ ook mee naar voren, dus daarin heb je wel wat mogelijkheden."

Trainer Johnny Jansen oer it net oanlûken fan in nije spits

De 29-jierrige Bakker is opgroeid yn Grins en spile earder foar de amateurklup v.v. Potetos en fan 2013 ôf foar FC Groningen. En lit dat no snein de earstfolgjende tsjinstanner wêze. "Als je in Groningen geboren bent en dertien jaar voor FC Groningen gespeeld hebt, dan ben je denk ik wel een echte Groninger. Als je dan het eerste haalt, ben je wel heel trots. Ik ben in de stad geboren en ben wat dat betreft wel een echte Stadjer."

Nick Bakker: 'Ik fiel my eins in Grinzer'

Jansen wennet op dit stuit foaral yn Grins en dat makket it duel in bytsje spesjaler. "Maar ik kan nog wel normaal over straat hoor. Soms spreken ze me wel eens aan. Kom je studenten tegen die zeggen dat ze voor Heerenveen zijn."

Johnny Jansen: 'Ik kan gewoon rondlopen in Groningen'

De wedstriid FC Groningen-Hearrenfean begjint snein om 14.30 oere is live te folgjen op Omrop Fryslân radio. Kommentator is Roelof de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)