Te drok by testlokaasje Ljouwert: tenei allinnich noch teste mei ôfspraak

Teste op it coronafirus kin by de GGD-lokaasje yn Ljouwert mei yngong fan moandei allinnich mar op ôfspraak. Minsken koenen in skoft spontaan komme, mar it wurdt te drok.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ofrûne wike ha hast 9.000 minsken har by de GGD-lokaasjes yn Fryslân teste litten op it coronafirus. In wike earder wienen dat noch sa'n 6.700. It past yn it byld fan de besmettingssifers: dy wurde ek wike nei wike heger. De ôfrûne wike testen 988 Friezen posityf op it firus.
Yn Ljouwert is it no geregeld te drok mei minsken dy't har teste litte wolle en dêrtroch ûntsteane wachtrigen. Dat is net de bedoeling, seit de GGD. It is net noflik foar besikers fan de testlokaasje en ek net foar it personiel.
Moandei hâldt de GGD Fryslân dêrom yn Ljouwert op mei it testen sûnder ôfspraak. Wa't him wol yn Ljouwert teste litte wol, moat nei coronatest.nl of belje mei de ôfsprakeline fan it RIVM.

343.000 Friezen folslein faksinearre

It faksinearjen sûnder ôfspraak bliuwt wol bestean. Dat kin op alle lokaasjes fan de GGD Fryslân. Ofrûne wike dienen 764 Friezen dat. Dat is goed foar 15 prosint fan it totale tal Friezen dat ferline wike in prik helle hat.
De GGD hat yn totaal 698.342 faksinaasjes dien by Friezen. It soarget derfoar dat mear as 343.000 Friezen folslein faksinearre binne. Yn de hiele provinsje komme 570.000 minsken yn oanmerking foar in faksin.

Lege faksinaasjegraad by groep 26-35 jier

De faksinaasjegraad leit yn Fryslân krekt wat leger as it lanlik trochsneed. Benammen yn de groep fan minsken tusken de 26 en 35 jier is it ferskil grut mei de rest fan Nederlân. Yn dy groep is fan de Friezen 5 prosint minder faksinearre as lanlik. It kin derfoar soargje dat it tal besmettingen yn Fryslân op it stuit relatyf it heechst is yn hiel Nederlân.